Sosjale wurkfoarsjenning Empatec hat skuld fan 8,3 miljoen by gemeenten

17 jun 2020 - 06:32

De NV Empatec hat in skuld opboud fan 8,3 mijoen euro by de belutsen gemeenten. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro KokxDeVoogd. De gemeenten woene ynsjoch hawwe yn it ferlies yn 2019 fan goed 2 miljoen. No docht bliken dat der yn de rin fan de jierren in foardering yn de boeken meinommen is dy't hieltyd oprinne koe. Neffens de ûndersikers hawwe gemeenten en Empatec stekken falle litten wat de kontrôle en de ynset op saakkundigen oanbelanget.

Foto: Empatec

Sûnt de ynfiering fan de partisipaasjewet yn 2015 binne gemeenten ferantwurdlik foar de sosjale wurkfoarsjenningen, ek finansjeel. De gemeenten Waadhoeke, De Fryske Marren, Skylge, Flylân, Harns en Súdwest-Fryslân hawwe dat fia in mienskiplike regeling ûnderbrocht by Empatec. De fergoeding fan it Ryk waard mei de ynfiering fan de partisipaasjewet minder en sa binne der tekoarten ûntstien. Direkteur Harry de Wit fan Empatec wol foarearst gjin kommentaar jaan omdat it ûndersyk fan de gemeenten is.

Net opmurken

PvdA-riedslid Marianne Poelman fan Súdwest-Fryslân jout oan dat it in drege saak is. "Normaal gesproken heb je bij een regulier bedrijf ook allerlei controlemechanismes. Het meest belangrijke is natuurlijk een accountant. Maar omdat het simpelweg als een vordering werd opgeboekt, heeft een accountant het niet op deze manier gezien. Dus daar is ook geen melding van gemaakt in de loop der jaren in deze constructie. De accountant heeft ook niet opgemerkt dat er wat aan de hand was."

Dreech út te lizzen

It hat te krijen mei wat der yn it ferline ôfsprutsen is. "Er is in 2018 besloten om die GR Werkvoorziening Fryslân-West en NV Empatec uit elkaar te halen, daar is dit uit ontstaan. Dat is het verhaal. Het is niet in Jip-en-Janneke-taal uit te leggen."

Empatec siet wat jild oanbelanget al yn 'e knipe. "Dat is volgens mij ook de oorsprong van dit probleem. Doordat je te krap zit en de boel niet sluitend kon maken, heb je dat vervolgens niet zichtbaar kunnen maken omdat je een NV en een GR naast elkaar hebt. Maar we wisten wel dat er een tekort was op de structuur die men zelf had ingezet. Maar doordat je het cumulatief laat oplopen, is 8 miljoen natuurlijk wel even schrikken."

In oplossing is dus ek noch net samar fûn, jout Poelman oan. "Het eerste advies van het college dat wij hebben gekregen is om eerst maar eens bij de bank te kijken wat je kunt lenen als NV Empatec. En daarna kijken wat er verder aan problemen opgelost moet worden. Het college heeft het besluit genomen om de adviezen met ons te delen. Uiteindelijk moeten we gaan kijken welke oplossingen er zijn en hoe Empatec de vordering zelf duidt."

PvdA-riedslid Marianne Poelman fan Súdwest-Fryslân

Trefwurden: 
gemeenten skuld Empatec
(Advertinsje)
(Advertinsje)