Tritich moannen sel easke tsjin 58-jierrige Dronrypster

It Iepenbier Ministearje easket tritich moannen sel tsjin in 58-jierrige man út Dronryp foar it besykjen ta deaslach fan syn eks-freondinne yn Norg. Ek mishannele hy twa manlju yn in pensjon yn Berltsum.
Oanhâlding © Shutterstock.com
De man ûntkent dat er syn freondinne mishannele hat. It Iepenbier Ministearje fynt lykwols dat der genôch bewiis is om de man te feroardieljen. De man hat neffens it IM de frou meardere kearen slein, treaun en har kiel tichtknypt. De frou ferlear dêrtroch it bewustwêzen.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.