Nij bunkermuseum 12H op Flylân

16 jun 2020 - 20:06

Nei tsien jier fan fergunningen oanfreegjen, stride tsjin de eleminten, útgrave en bouwe is de ferdigeningsstelling 12H op Flylân sa goed as klear. It kin no as bunkermuseum tsjinje.

Nij bunkermuseum op Flylân

It kompleks bestiet út trije wenbunkers, in keukenbunker, in houten kommandantbunker, twa skuttersputten, in útkykpost, in opberchhok, in latrine, rinfuorgen en stellingen foar kanonnen en mitrailleurs út de Twadde Wrâldoarloch. It sil no as museum tsjinje. De offisjele iepening is fanwege de coronamaatregels útsteld, mar de earste besikers rinne der al om. Se betelje in leger taryf.

Rekonstruksje

Op Flylân is fan alle Dútske ferdigeningswurken fan stelling 12H it meast oerbleaun en dêrom wie dy it meast geskikt foar rekonstruksje. Dochs hawwe de inisjatyfnimmers langer oer de oanlis dien as de Dútsers yn 1942, fertelt Dirk Bruin. "In het gemeentearchief heb ik een brief gevonden met de mededeling dat op die datum dat gebied in beslag is genomen door de Wehrmacht. Binnen een jaar stond het complex er. Ik geloof dat wij wel meer dan tien jaar bezig zijn geweest."

Rinfuorgen binne útgroeven en wersteld - Foto: ORF

Ien fan de grutte problemen wie it waar. By hurde wyn waaiden de rinfuorgen dy't útgroeven wiene wer fol sân. Wol binne de rinfuorgen ferstevige neffens de rjochtlinen fan de Dútske bouwers. Alle bouwurken binne sa folle mooglik yn orizjinele steat opboud en ferve yn de autentike kamûflaazjekleuren.

Projekten

It grutste projekt wie de bou fan de keukenbunker mei der boppe-op de kantine. Dy wiene bot fertutearze en de golfplaten fan de kantine wiene stikken. De bunker is yn de jierren 70 noch brûkt as ûnderkommen foar de Flylanner jeugd.

"Dat waren toen jonge knapen en twee van hen komen ons nu als mannen op leeftijd helpen. Die vertellen ons leuke anekdotes over wat zich hier toen afgespeeld heeft aan feestjes en zo", seit Bruin.

Der is al hiel wat materiaal út de Twadde Wrâldoarloch sammele, fûn en ynbrocht. Nei ferskillende oproppen kamen foto's, ferhalen en oar guod fan it eilân foar it ljocht. Dy kinne tentoansteld wurde yn it museum. Dochs hat Dirk Bruin noch wol wat op syn ferlanglistje. Hy soe graach oan in album komme mei foto's, spesifyk fan Stelling 12H.

Atlantikwall

Stelling 12H wie ûnderdiel fan de Atlantikwall, in ferdigeningsliny fan de Dútsers fan Noarwegen oant Spanje. 12H stiet foar de tolfde stelling, rekkene fan It Amelân ôf. (Skier foel ûnder in oar Dútsk kustdistrikt.) De letter H stiet foar Heer, Dútsk foar leger.

Dirk Bruin oer it bunkermuseum

De keukenbunker mei kantine - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)