Ljouwerter fuotballer Mark Diemers nei Feyenoord

Mark Diemers spilet folgjend seizoen foar Feyenoord. De Ljouwerter fuotballer kaam de ôfrûne twa seizoenen út foar Fortuna Sittard. De Rotterdammers nimme him no oer fan Fortuna.
Mark Diemers yn aksje foar Fortuna Sittard © Orange Pictures
Dizze wike is de medyske keuring fan Diemers yn De Kuip. As dat sûnder problemen ferrint, tekenet hy foar trije seizoenen by Feyenoord. FC Groningen wie ek yn de merk foar de middenfjilder, mar hy kiest foar in oerstap nei Feyenoord.

Diemers is in echte Ljouwerter en komt út de jeugdoplieding fan SC Cambuur. Mei dy klup waard er yn 2013 kampioen fan de earste difyzje. Dêrnei spile er foar FC Utrecht, De Graafschap en no dus foar Fortuna Sittard.