Gerry Hamstra: "Fries is niet asociaal, maar onderdeel van de Friese cultuur"

16 jun 2020 - 18:45

In soad ophef tiisdei op Twitter oer it brûken fan de Fryske taal. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân prate sportsjoernalisten, wêrûnder Arjen de Boer, Frysk mei technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean. 'Asosjaal', sa sizze in soad minsken. Wêrom Frysk prate as Gerry Hamstra dat net docht?

Foto: Omrop Fryslân

It baltsje begûn te rôljen doe't sportferslachjouwer Arjen de Boer de sportcast op Twitter dielde. Dêr kaam in reaksje op fan in harker, dy't it asosjaal fynt dat de Omropmeiwurkers Frysk prate tsjin Hamstra, om't Hamstra dat sels net docht. "Ik blijf het ontzettend asociaal vinden dat de heren van Omrop Fryslân Fries blijven praten, terwijl Hamstra Nederlands praat. Praat gewoon dezelfde taal als Hamstra," sa skriuwt twitteraar Ronald Jager.

'Frysk is net asosjaal. Frysk is ús memmetaal'

Om de toan luchtich te hâlden, reagearret de ynternetredaksje fan Omrop Fryslân op dy tweet mei in argyffilmke. "Dat wie in parodyfilmke mei dêryn it skerpe boadskip 'Frysk is net asosjaal. Frysk is ús memmetaal'. Yn it filmke is in frou te sjen, dy't har bestelling yn it Frysk trochjout, mar de ober ferstiet it Frysk net en seit dat er it asosjaal fynt dat de frou yn it Frysk trochpraten bliuwt," fertelt sosjalemediaredakteur Lars Hoekstra fan Omrop Fryslân.

It filmke lûkt op ynternet in soad oandacht en wurdt ûnder oaren dield troch minsken mei in hiel soad folgers op Twitter, lykas Alexander Klöpping, Tim Hofman en Olav Koens. "Sadree't dat bart, dan eskalearret it", seit Hoekstra. "Je hawwe soks al rillegau op ynternet, want eltsenien hat in miening en set dat ek online. We hawwe hjoed al 35.000 views, dus dat koe minder. Foarich jier wienen de reaksjes lykwols posityf, diskear folle negativer."

"Erg verrast door ophef"

Gerry Hamstra sels kin der wol om laitsje dat troch him it Frysk trending is op Twitter. Hielendal om't hy it sels hielendal gjin punt fynt dat der Frysk tsjin him praat wurdt. "Ik vind het helemaal niet asociaal. Ik was erg verrast door alle reacties. Ik moet wel eerlijk zeggen dat de sportverslaggevers heel netjes van te voren hebben gevraagd of het in het Fries kon. Maar deze heren ken ik al zo lang en ik doe eigenlijk alle interviews met hun in het Fries, dat is voor mij heel normaal, maar weet je, iedereen moet er van vinden wat hij wil."

Hamstra fynt de Fryske taal sels hearren by de provinsje. "Ik kom oorspronkelijk niet uit Fryslân, maar ik woon en werk hier. Ik weet gewoon dat het onderdeel is van onze cultuur. Het Fries is zelfs naast het Nederlands de tweede rijkstaal, dus ik vind het hartstikke prima. Het heeft ook met traditie en respect te maken. Je moet respect voor elkaar tonen en nogmaals het Fries is een taal."

Problemen mei it Frysk hat Hamstra sels nea ûnderfûn. "Ik heb ook altijd ervaren dat als je iets niet begrijpt, dat mensen je ook altijd willen helpen. Dus je kunt overal problemen van maken, maar waarom zou je?"

Taalbelied Omrop Fryslân

"It taalbelied fan Omrop Fryslân is dat wy minsken altyd yn it Frysk te wurd stean as sy sels Frysk prate of it Frysk ferstean", fertelt ynternetspesjalist Lars Hoekstra. "As minsken it Frysk net ferstean, dan skeakelje wy oer op it Nederlânsk. Op dy wize kinne wy altyd prate mei minsken binnen en bûten de provinsje."

Gerry Hamstra praat mei Omrop Fryslân oer de Fryske taal

(Advertinsje)
(Advertinsje)