Enerzjylabel wurdt djoerder, ynspekteurs bliid: "Slager keurde z'n eigen vlees"

It oanfreegjen fan in enerzjylabel nei 1 jannewaris 2021 wurdt in stik djoerder. No kinne hûseigeners foar 7.50 euro online ien oanfreegje. Yn 2021 wurdt dat mooglik 200 euro.
© ANP
Der moat in spesjale ynspekteur delkomme dy't beoardielet hoe enerzjysunich it hûs is. In label is nedich as minsken har hûs ferkeapje of ferhiere. No kinne je dat sels online ynfolje en dat kostet 7.50 euro.

Slachter dy't syn eigen fleis kart

De feriening fan eigen hûs hat krityk op de nije oanpak, mar neffens Martijn van der Harst fan Energie Inspectie yn Ljouwert is it in stik earliker. It bart no geregeld dat syn bedriuw ynskeakele wurdt omdat minsken it label net earlik ynfolle ha. "Mensen kunnen het nu zelf doen, dan heb je een soort slager die z'n eigen vlees keurt. Straks komt er een onafhankelijke energieadviseur bij de mensen thuis, die naar de woning kijkt."
Yn alle oare EU-lannen is it al sa dat der in adviseur by de minsken delkomt. Nederlân is it lêste lân dat dat docht. "Nederland heeft geprobeerd om het zo eenvoudig mogelijk te houden en daarbij de mazen in de wet op te zoeken", seit Van der Harst. "Maar je ziet wel dat het tot problemen leidt, het is heel fraudegevoelig."