FIDEO: Sa teste se yn Drachten op it coronafirus

16 jun 2020 - 17:35

Twa- oant trijehûndert minsken wurde alle dagen yn Fryslân test op it coronafirus. Op de drokste dei, dat wie tiisdei in wike lyn, waarden 322 minsken test. As it nedich is, kinne der 1.200 minsken op in dei test wurde.

Sa giet it testen der yn Drachten oan ta:

FIDEO: Hoe giet it by de teststrjitten foar Corona?

It testen bart op trije ferskate lokaasjes yn Fryslân: dat kin yn Drachten, Ljouwert en Snits.

Yn Drachten wurdt test yn in âlde leechsteande skoalle, om de trije minuten is der in nije ôfspraak. Trije minsken fan de GGD nimme de tests ôf: in pear sekonden in wattestêfke yn de mûle en efteryn de kiel, dan is it klear. Dêrnei wurde de tests opstjoerd nei it lab yn Deventer.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sûnt 1 juny mei elkenien komme en dêr wurdt flink gebrûk fan makke, fertelt Annette Stelwagen fan de GGD: "It is alle dagen oars, mar we fernimme wol dat minsken echt oanfragen dogge. We steane de hiele dei folpland."

Heakoarts of corona?

In protte minsken wolle witte oft se it firus ha, en dy komme út ferskate hoeken, seit Stelwagen. "Minsken dy't yn de berne-opfang wurkje, bern dy't klachten ha. Eins oeral wol wei. En guon minsken wolle witte oft se gewoan heakoarts ha, of dochs corona."

Nei 48 oeren is de útslach binnen. It tal besmettings yn de trije teststrjitten is net heech.

(Advertinsje)
(Advertinsje)