'KNVB jout Cambuur 425.000 euro as kompensaasje'

De KNVB stelt foar om Sportklup Cambuur 425.000 euro te jaan as kompensaasje, omdat de Ljouwerters dupearre binne troch it earder ôfbrekken fan it fuotbalseizoen. Dat seit sportmarketeer Chris Woerts.
© ANP
SC Cambuur stie mei ôfstân boppe-oan yn de earste difyzje en wie op wei nei promoasje, mar nei't de KNVB it seizoen ôfbruts, besleat it bûn ek dat der gjinien promovearre.
Ek oare dupearre klups krije jild tawiisd, neffens Woerts. Sa soe De Graafschap bygelyks, dat twadde stie en dêrmei ek promovearje soe, 375.000 euro krije. FC Utrecht krijt 600.000 euro, want sy rinne Europeesk fuotbal mis.
Cambuur-direkteur Ard de Graaf wol no noch neat oer de berjochtjouwing sizze. Hy wachtet it definitive beslút fan tongersdei ôf.