Teätermakker siket op Oerol yntimiteit mei ûnsichtber publyk

Gjin écht Oerol dit jier, mar wol in digitaal festival: het imaginaire eiland. Minsken kinne thús yn gedachten op Skylge wêze efter harren kompjûters. Der wurdt safolle mooglik fan it eilân ôf wurke en streamd: sa ek troch teätermakker Laura van Dolron.
Laura van Dolron
Moarns praat Van Dolron fia Zoom mei har publyk. Se freget oft sy in sin oer harren pine by har ynleverje wolle. "Eigenlijk heeft niemand dat gedaan. Het zijn vooral wijsheden", fertelt se. Sy hat de hiele dei dwaande west om mei dizze sinnen in foarstelling te meitsjen, dy't se yn de jûntiid yn it Bosteater sjen lit oan itselde publyk fia in livestream.
Sy snapt ek wol dat net eltsenien fuortendaalks mei harren grutste pine komt, mar tinkt dat der wol mear yntimiteit ûntstiet as minsken mear mei-inoar oer pine doare te praten. "Als ik mensen op een verjaardagsfeestje vraag hoe gaat dan zegt iedereen vaak 'goed.' En dan voel ik me eenzaam, ook al gaat het goed met me. Ben ik dan de enige die het leven soms moeilijk vind, denk ik dan."