Saco Velt bokaal útrikt op oare wize: "Dan gaan wij naar de kinderen"

16 jun 2020 - 16:53

Al tolve jier stride bern tsjinelkoar om de Saco Velt-bokaal, mar fanwegen it coronafirus kin de dûnswedstriid dit jier net trochgean yn de reguliere foarm. Dêr hat de organisaasje wat op betocht: "Als de kinderen niet naar De Harmonie kunnen komen, dan gaan wij toch naar de kinderen?" fertelt Rianne de Vries, dûnsdosinte oan it Saco Velt Dûnssintrum.

Ek boargemaster Buma spruts de bern ta:

De dûnsskoalle giet yn twa dagen by alle skoallen yn Fryslân lâns. By eltse skoalle bliuwe se in kertierke stean en kinne de bern dûnsje. "We hebben ook een school in Hurdegaryp, Dokkum, Sexbierum en Beetgumermolen en die hebben natuurlijk wat meer reistijd. Dus die gaan we op dinsdag doen en dan gaan we woensdag Leeuwarden allemaal proberen."

Dûnslessen yn stee fan gymnastyk

"Alle kinderen hebben op school dansles van mij gekregen: drie danslessen in plaats van gymnastiek", leit De Vries út. "Na die danslessen mochten ze allemaal meedoen aan een groot danstoernooi, in plaats van voetbal en slagbal mochten ze dansen, en dan scholen tegen elkaar."

It idee om Ljouwert by de bern te bringen is samar by Rianne opkaam. "Even zo'n lampje dat aanging. En toen heb ik dat gedeeld met het team en toen zijn eigenlijk alle ideeën eruit komen rollen. En opeens hebben we een touringbus van Arriva en gaan wij op pad volgende week."

'Corona Saco Velt bokaal'

De bern wurde yndividueel en as klasse beoardiele. "De jury gaat dan de leerlingen een cijfer geven in decimalen, dus net als op het rapport. En dan gaan wij kijken welke school in totaal het hoogste cijfer heeft behaald en die wint dan deze unieke 'Corona Saco Velt-bokaal'."

Wannear't de bokaal útrikt wurdt, wit de organisaasje ek noch net rjocht. "Daar zijn we nog over aan het nadenken. Het is natuurlijk niet handig om dat op een locatie te doen waar allemaal mensen bij elkaar komen, dus het wordt waarschijnlijk via een livestream."

Rianne de Vries oer de Saco Velt-bokaal

(advertinsje)
(advertinsje)