Provinsje wol goed 5 miljoen stekke yn enerzjysunige hûzen

16 jun 2020 - 16:27

De provinsje Fryslân wol 5,2 miljoen euro stekke yn it enerzjysuniger meitsjen fan hûzen. Mei it jild moatte huze-eigeners oanmoedige wurde om foar bygelyks spoumuorre-isolaasje, flierisolaasje of heechrendemintglês te kiezen.

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Alle enerzjy dy't besparre wurdt mei de maatregels beheint de feroaring fan it klimaat. Fryske bou- en ynstallaasjebedriuwen profitearje dêr ek fan, as sy it duorsum meitsjen fan de huzen útfiere meie.

Deputearre Sietske Poepjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)