Planetarium wer stap tichter by wrâlderfgoedstatus

16 jun 2020 - 15:54

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer set tongersdei wer in stap om op de list fan wrâlderfgoed te kommen. Dan wurdt it Charter Werelderfgoed ûndertekene. Dat is in dokumint wêryn't offisjeel de stipe fan de provinsje en de gemeente Waadhoeke fêstlein wurdt.

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

It Planetarium is al jierren oan de gong om wrâlderfgoed te wurden. Twa jier lyn krige it plan de stipe fan minister Van Engelshoven fan Kultuer. Dat wie in belangrike betingst.

Op it stuit wurket it Planetarium oan in grut dossier om de UNESCO derfan te oertsjûgjen dat it de status fan wrâlderfgoed krije moat. De UNESCO sjocht dêr yn 2022 nei.

Yn Fryslân ha de Waadsee en it Woudagemaal by De Lemmer it predikaat wrâlderfgoed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)