Provinsje mei jild liene oan Thialf, seit Europa

16 jun 2020 - 14:33

De Europeeske Kommisje hat de plannen om 2 miljoen euro oan oerheidsjild yn Thialf te stekken goedkard. Deputearre Steaten wolle it Feanster iisstadion helpe mei ien liening, mar deputearre De Rouwe woe wol wis wêze dat it neffens Europeeske regels mocht.

Foto: www.orange-pictures.nl

It is gjin probleem om Thialf te helpen mei de miljoeneliening, seit Europa no. Oerheden meie tydlik publyksjild stekke yn bedriuwen dy't it dreech ha, as dy bedriuwen belangryk binne foar it algemien belang.

Gjin oare fasiliteiten yn de buert

De liening is foar dit jier allinnich en it draacht derta by dat Thialf trochgean kin. Der binne yn de buert ek gjin oare reedrydfasiliteiten dy't de rol fan Thialf opfange kinne, seit de Europeeske Kommisje. Dêrom kin de liening trochgean, as it oan Europa leit.

Woansdei fergaderje Provinsjale Steaten oer de stipeplannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)