Auto yn de berm njonken de N381 by Oerterp
Op de Opper Haudmare (N381) by Oerterp is tiisdeitemiddei in auto fan de dyk rekke. De auto kaam yn de berm telâne. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. Der rekke net ien ferwûne by it ûngelok.
De plysje hat in rydstripe tydlik ôfsletten, sa't de auto der wer weihelle wurde koe.