Hege Ried: feroardieling bedriuw deadlik dongsilodrama Makkingea bliuwt stean

16 jun 2020 - 13:42

De feroardieling tsjin it skjinmakbedriuw dat belutsen wie by it deadlike dongsiloûngelok yn Makkingea yn 2013 bliuwt stean. Dat hat de Hege Ried bepaald. It gerjochtshôf hie eigener Heeres feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren en ien jier sel ûnder betingst en it bedriuw ta in jildboete fan 100.000 euro. De feroardiele partij gong yn kassaasje, mar dat wurdt as ûnbegrûne ferklearre troch de Hege Ried.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

By it bedriuwsûngelok kamen yn 2013 trije minsken om it libben en rekke ien persoan swier ferwûne. It Iepenbier Ministearje ferfolge it bedriuw en eigener Heeres fanwegen oertrêdingen fan de Arbeidsomstandighedenwet.

Advokaat Tjalling van der Goot frege de Hege Ried om de feroardieling te ferneatigjen. Hy fynt dat it gefaar net ûntstien is troch it bedriuw, mar troch de ynfloed fan it saneamde spuiwetter op it ûntstean fan it deadlike gas.

Gjin nije fragen

Mar de Hege Ried fynt dat de kassaasjeklachten gjin juridysk belangrike nije fragen oproppe. Omdat de proseduere lang duorre hat, wurdt de wurkstraf ferlege nei 228 oeren en de boete nei 97.500 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)