Romkessteech op It Hearrenfean pilot foar opknappen sintrum

16 jun 2020 - 13:29

Begjin 2021 sil de gemeente Hearrenfean úteinsette mei it opknappen fan de Romkessteech, as pilot foar it ferbetterjen fan it hiele sintrum. De gemeente is dwaande mei it opknappen fan it sintrum en dêr hearre ek de stegen by.

De Dracht op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Romkessteech rint fan winkelstrjitte de Dracht nei it Molenplein. De plannen binne ûnderdiel fan de G1000-sintrumfisy. It sintrum fan It Hearrenfean moat neffens de gemeente gastfrij, sfearfol en griener wurde. Dêr leit no in ûntwerp foar klear.

De gemeente knapt de steech op yn 'e mande mei ûndernimmers, omwenners en oare belanghawwers. Ek it finansierjen moat mei-inoar barre.

Foto: Gemeente Heerenveen
(Advertinsje)
(Advertinsje)