Basisskoalle Jorwert slút de doarren: foarkar foar regioskoalle yn Baard

16 jun 2020 - 12:51

De basisskoalle fan Jorwert, OBS De Krunenstrobbe, hat besletten yn de simmer fan 2021 te sluten. Op dit stuit sitte der noch 30 bern op de skoalle, mar de prognoaze liket net goed en giet rjochting opheffingsnoarm. De skoalkoepel Gearhing wurket dêrom oan in plan foar in regioskoalle yn Baard.

Skoaldirekteur Arnold Oosterdijk: "It sjocht der spitigernôch net tige libbensfetber út. Dat is wol sneu. In pear jier lyn wiene der noch mear as 40 bern, doe makken wy ús gjin soargen. De lêste jierren sjogge wy hielyd minder bern, dit jier 30. En wy tinke op 1 oktober noch mar 26, dus it giet hieltyd mear nei de lanlike opheffingsnoarm fan 23 bern. Dy grins jildt foar hiel Nederlân. Minder kinne je net yn in skoalle finansierje."

Oosterdijk seit wol dat der noch net in definityf beslút leit. "Mar wy hawwe in buro frege om ûndersyk te dwaan mei de âlden en kollega's. Sy hawwe in rapport opsteld en sizze: it foarkar-senario leit yn Baard foar in regioskoalle. Mar in definityf beslút is noch net fallen."

OBS De Krunenstrobbe yn Jorwert - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Dochs sjocht er wol de foardielen fan in regioskoalle. "Jorwert giet ticht, mar der binne mear lytsere skoallen dêr't wy it karakter fan behâlde wolle. Dat sizze de âlden ek: wy wenje yn in doarp en wolle it plattelânskarakter bewarje. Dêrom hawwe wy yn 'e mande mei in pear oere doarpen besletten dat wy wol wat sjogge yn in regioskoalle. Dêr binne alle bern út de doarpen wolkom."

Foardielen fan in regioskoalle

Alden soene der lykwols ek foar kieze kinne om harren bern nei Mantgum of Weidum te stjoeren, dat is krekt wat tichter by Jorwert. "Dat mei altyd, mar wy tinke dat it in soad foardielen hat foar de bern om in regioskoalle te meitsjen. Sa kinne je ek meiprate oer de bern út dyn doarp. Mar Mantgum en Winsum binne bygelyks gruttere skoallen, dan komme je der mear by. Yn in regioskoalle kinne je wol meiprate," tinkt de skoaldirekteur.

Húshâldingen stjerre út

It probleem spilet net allinne yn Jorwert. "Wat Jorwert oanbelanget makken wy ús in pear jier lyn noch gjin soargen, mar doe rûn it ynienen efterút. Der is gjin wenningbou, gjin kavels, gjin sosjale hierwenten, dus it groeit net oan. Je sjogge it yn mear doarpen. Dan stjerre de húshâldingen wat út, soene je sizze kinne. Dit seagen wy net oankommen. Yn novimber sei ik: wy moatte der no op lette, want de grins komt tichteby. En dat komt hurd oan yn it doarp."

De basisskoalle fan Baard - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena op it skoalplein yn Jorwert

Hert út it doarp

Jorwerter Douwe de Bildt, sels âld-ûnderwizer fan de skoalle yn Easterwierrum, skrikt fan it plan om de doarpsskoalle te sluten. "Sûnder skoalle is it hert út it doarp. Ik freegje my ôf oft húshâldings mei bern yn 'e takomst noch wol foar Jorwert kieze sille. Je hawwe dan kâns dat it in doarp foar pensionado's wurdt."

De Bildt hat net al tefolle fidúsje yn de plannen foar de regioskoalle yn Baard. "In sittend gat kin in protte betinke, mar ik freegje my ôf hoe praktysk soks is." Neffens De Bildt is it ek yn it belang fan 'e bern dat se yn eigen doarp nei skoalle kinne en sa ûnderdiel binne fan de mienskip. "Ik haw by myn eigen buorfamkes sjoen hoe lokkich se hjir op skoalle wiene. Ik soe dêrom altyd besykje om in skoalle sa lang mooglik iepen te hâlden, ek al binne der mar 23 bern."

Harkje nei de reaksje fan Jorwerter Douwe de Bildt

(Advertinsje)
(Advertinsje)