SAM en CDA mei-inoar yn 'e clinch oer bioferskaat yn Waadhoeke

16 jun 2020 - 12:25

"Wakker worden na een raadsvergadering waarin je genaaid bent." Sa omskreau riedslid Wim Hokken fan de partij SAM yn Waadhoeke syn gefoel yn in diskusje oer bioferskaat yn de gemeenteried. Syn partij soe 'naaid' wêze troch koälysjegenoat CDA. De diskusje giet om sân ton foar blombollen en it oanpakken fan stinzetunen. It CDA fynt it tefolle jild yn tiden fan corona en torpedearre it foarstel.

It gemeentehûs fan Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Wim Hokken is fernuvere oer de rebûlje en fynt dat it betrouwen skea oprûn hat. "Zeker ook omdat die zeven ton niet in één jaar zou moeten worden uitgegeven, maar over een groot aantal jaren. Dan praat je niet over vele procenten, maar over zoveel promille van de gemeentebegroting."

Dialooch ûnmooglik

Woansdei sil der in petear mei it CDA wêze. Dan sil Hokken ek oanjaan wat him dwers sit. "Waar wij het meest verbolgen over zijn is niet zozeer het feit dat we moeten praten over het bedrag. Dat heeft het CDA in bondgenootschap met Gemeentebelangen eigenlijk onmogelijk gemaakt. Dat vinden wij verdrietig, wij zouden de dialoog open moeten houden. Met ons viel best te praten, of het nu zeven, vijf of vier ton zou zijn."

Hokken hat net echt spyt fan syn útspraak. "Politiek is ook emotie, onze achterban is erdoor geraakt dat dit zomaar weggeschoven wordt. In je uitingen mag je die emotie ook laten zien en voelen, vind ik."

Falt sa'n bedrach te ferantwurdzjen?

By it CDA kamen de wurden lykwols hurd oan. Neffens fraksjefoarsitter Jochum Jan Zijlstra fan it CDA wie de sân ton nea in punt dat yn de koälysje bepraat is. Dat in koälysjepartner as SAM dizze wurden brûkt is net goed te praten, fynt Zijlstra. "Dat binne útspraken dy't echt op de rekken komme fan de hear Hokken fan SAM. Ik tink dat it goed is dat wy it dêr ynkoarten ris oer hawwe."

Begryp foar de ynhâld hat Zijlstra wol, jout er oan. "Ik fiel echt de pine wol, mar it stiet net yn it koälysjeakkoart. Dit is út in moasje weikommen fan de ChristenUnie, sy fregen mear omtinken foar bioferskaat. Dan giet it om sân ton foar in pear blombollen foar stinzetunen. Kinne je dat in dizze tiid wol ferantwurdzje? Dat is de fraach."

Zijlstra wol syn bêst wol dwaan om it wer op te lossen, mar dan moat eltsenien dat wol wolle. "It koälysjeakkoart bynt ús, dêr steane de ôfspraken yn. As wy ús dêr oan hâlde, komme wy wol wer byinoar. Mar dan moat de yntinsje der wol wêze."

Wim Hokken fan SAM en Jochum Jan Zijlstra fan CDA

(advertinsje)
(advertinsje)