Leidenaar oanholden foar bedriging mei mes yn Ljouwert

16 jun 2020 - 12:11

De plysje fan Ljouwert hat in persoan út Leiden fan 31 jier oanholden dy't derfan fertocht wurdt dat er op de Wurdumerdyk yn de stêd oan it driigjen west hat mei in mes.

Foto: Omrop Fryslân

Yn deselde nacht fan moandei op tiisdei waard ek melding dien fan in ferfelend persoan op in terras op it Ruterskertier. It gong doe ek om de Leidenaar. De plysje ha him oanholden op it Ruterskertier.

De plysje siket noch wol tsjûgen fan de bedriging.

(advertinsje)
(advertinsje)