Boekingssysteem Wagenborg oerbelêst, ûndernimmer tinkt oer juridyske stappen

It reservearringssysteem fan rederij Wagenborg is oerbelêst. It is dêrom hast net mooglik om in boatticket te reservearjen. Mei yngong fan tiisdei moat der reservearre wurde foar de boat nei Skiermûntseach en It Amelân.
De fearboat fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It is op de earste reservearringsdei sa drok, dat it systeem derút leit. "We kunnen normaal gesproken 75 betalingen per minuut verwerken", seit Wagenborg-direkteur Ger van Langen. "Maar nu hadden we 1.500 verzoeken. Dat moet allemaal door dezelfde flessenhals, maar dat gaat niet." Ek útwreiding fan de websidekapasiteit wie net genôch. "Vervolgens ging iedereen bellen, waardoor ook de telefooncentrale plat lag."
De rederij freget elkenien dy't net dizze wike reizgje wol, om letter kontakt op te nimmen.
Het lijkt wel alsof ze iets simpels in elkaar geknutseld hebben.
Remko de Bruijne fan Hotel Graaf Bernstorff
Van Langen hie wol ferwachte dat it drok wurde soe mei de reservearringen, mar tûzenen tagelyk hie er net foarsjoen.
Op Skiermûntseach is der ûnfrede oer de gong fan saken. "Ik kan er met mijn gezonde verstand niet bij dat dit gebeurt", zegt Remko de Bruijne fan Hotel Graaf Bernstorff tsjin RTV Noord. "Je kondigt een systeem aan en dan zorg je dat dit goed werkt. Desnoods gooi je het systeem een week eerder online. Het lijkt wel alsof ze iets simpels in elkaar geknutseld hebben."

Juridyske stappen tsjin Wagenborg?

De Bruijne is benaud dat it him gasten kostet. Hy wol juridyske stappen ûndernimme as er hjirtroch omsetferlies hat. Wagenborg-direkteur Van Langen is dêr wer lilk om: "Dit is een schandalige actie. We zitten in een GRIP 4-situatie met elkaar. Dat betekent dus dat er een noodsituatie is. Daar moeten we met ons allen rekening mee houden. Ik wil ook een goed werkend reserveringssysteem."

Besykje kapasiteit út te wreidzjen

It OV yn Nederlân mei ride en farre op fjirtich prosint fan de gewoane kapasiteit. De sektor besiket om dat út te wreidzjen, mei de fleantúchsektor as foarbyld. Dy meie wol op folle kapasiteit fleane.
Remko de Bruijne fan Hotel Graaf Bernstorff