PvdA: 'Meitsje fan Thialf in lanlik topsportsintrum foar wintersporten'

Thialf moat in nasjonaal topsportsintrum foar wintersport wêze, wat de PvdA Fryslân oanbelanget. It iisstadion op It Hearrenfean sit yn swiere finansjele problemen. Woansdei beprate Provinsjale Steaten in plan om Thialf te rêden, mar de PvdA wol mear as in rêdingsplan.
PvdA: 'Meitsje fan Thialf in lanlik topsportsintrum foar wintersporten'
De kosten fan Thialf rinne foar Friezen allinnich mar op, neffens de partij. Deputearre Steaten moatte dêrom, wat Steatelid Jaap Stalenburg oanbelanget, sjen nei de mooglikheid om fan Thialf in nasjonaal topsportsintrum te meitsjen.
Thialf op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Achter de schermen is daar de afgelopen jaren al aan gewerkt door Thialf en Topsport Noord", seit Stalenburg. Dy opsje moat no serieus ûndersocht wurde, fynt Stalenburg. Der soe dan in finansjele bydrage komme moatte fan it Ryk en NOC*NSF. "In Heerenveen zou een Topsportcentrum Thialf de aanjager kunnen zijn van sportwetenschap en onderwijs, duurzame energieprojecten en innovaties in bewegen voor iedereen."
Deputearre Sander de Rouwe is bliid mei it beslút fan de kommisje omdat dit de provinsje de mooglikheid jout om Thialf by te springen as dat nedich is. En dat is wichtich, want Thialf is in ikoan dêr't Fryslân grutsk op wêze mei seit hy.
Deputearre Sander de Rouwe