Ljouwerter (47) oanholden foar stellen fan auto

De plysje hat in Ljouwerter fan 47 jier oanholden foar it stellen fan in auto. De auto waard bútmakke by in ynbraak oan de Pelikaanstraat yn de stêd.
Oanhâlding © Shutterstock.com
Nei't melding dien waard fan de ynbraak en de stellen auto, seach de plysje op in plak yn de stêd. Se holden de auto yn de gaten. Doe't dy fuortried, gong de plysje yn efterfolging en holden se de fertochte steande op it Engelseplein.
By it hearren joech de man de ynbraak en de stellerij ta.