Brânwacht ynset by De Westereen nei ûntploffen akku

16 jun 2020 - 09:42

Yn De Westereen is in bewenner fan de Foarstrjitte tiisdeitemoarn ferwûne rekke. Dat barde nei't der in akku ûntploft is efter de wente. Dêrtroch krige de persoan akkusoer oer him hinne. De persoan is nei it sikehûs brocht, mar it is net bekend hoe slim er krekt ferwûne is.

Foto: De Vries Media

De brânwacht wie ek op it plak om de situaasje wer feilich te krijen. Hoe't de akku krekt ûntploffe koe, is net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)