Detinearden meie wer besite krije

Finzenen kinne fan tiisdei ôf wer besite krije. Fan 13 maart ôf wie besite ferbean fanwegen it coronafirus. Yn alle finzenissen, dus ek yn De Marwei yn Ljouwert, meie de detinearden eltse wike ien kear in besiker ûntfange. Dat hat minister Sander Dekker bepaald.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Neist ien besiker meie de finzenen ek ien bern ûnder de fjouwer jier ûntfange. Der hat fan 2 juny ôf in proef west yn trije ynrjochtingen en dat is goed gien. Detinearden en besikers wurde wol skieden troch in skerm fan pleksyglês en meie gjin fysyk kontakt hawwe.