Nij Smellinghe is op it stuit sikehûs en boupleats tagelyk

Nij Smellinghe yn Drachten is op it stuit sikehûs en boupleats op itselde momint. Der wurde ferskate ôfdielingen fernijd en dat hat somtiden noch hiel wat fuotten yn 'e ierde yn in tiid dat de rekken hâlden wurde moat mei de coronamaatregels.
Nij Smellinghe wurdt ferboud
Folkert Brouwers is direkteur Bedriuw & Gebouwen by sikehûs Nij Smellinghe. Hy leit út wat der op dit stuit allegearre bart. "Wy bouwe hjir fan alles op dit stuit. De operaasjekeamers bouwe wy efter it sikehûs, want wy kinne fansels net efkes ophâlde mei de hjoeddeiske operaasjekeamers. As de nije keamers klear binne, kinne wy yn de rin fan it jier yn ien kear goed oer nei de nije keamers. De âlde operaasjekeamers wurde it plak dêr't pasjinten foar en nei de operaasje ferbliuwe.
Nij Smellinghe wurdt ferboud © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Frou-bern-sintrum

Mar de ok's binne net it iennige. "Wy ferbouwe yn de klinyk om de berne-ôfdieling en de gynekologyske ôfdieling byinoar te bringen. Dat dogge wy yn de polyklinyk ek, dêr bringe wy de gynekologyske ôfdieling, polyklinyk en de berne-ôfdieling ek byinoar. Sa ûntstiet der in frou-bern-sintrum, sa is alles moai byinoar op ien polyklinyk."
Brouwers is der bliid mei dat alles oant no ta trochrint sûnder fertraging. "Wy hawwe in gekke perioade yn de soarch hân, mar geane wol troch mei de fragen dy't yn de takomst op ús ôf komme. Dat wy no úteinset binne yn coronatiid is tafallich. Aldergeloks falt de omfang fan it firus hjir mei. De bou hat gjin fertraging oprûn, al witte je net oft der problemen ûntsteane by leveransiers. Mar oant no ta hat eltsenien syn bêst dien."

Hybride operaasjekeamer

Bysûnder is dat Nij Smellinghe no in hybride operaasjekeamer krijt. "Dat 'hybride operaasjekeamer' jout oan dat der in trochljochtingsstatyf fan de radiology op de ok stiet. Dus de dokters kinne permanint sjen wat sy oan it dwaan binne yn it lichem fan in pasjint. Dat makket it feiliger, en der binne ek minder grutte wûnen te meitsjen foar operaasjes. Dat is foar de dokter nijsgjirrich en foar de pasjint folle better. It werstel is better en it risiko op ynfeksjes minder. Wy binne aanst de iennige yn Fryslân hjirmei."
It sil noch wol efkes duorje foar't al it wurk klear is, want it sikehûs wurket wol troch. "Begjin takom jier brekke wy de operaasjekeamers troch, dan sille wy operearje op de nije ok's. Dêrnei ferbouwe wy de âlde keamers. It sikehûs moat ek wol gewoan trochdraaie, dus ein takom jier sille ek dy âlde keamers wer klear wêze."
Folkert Brouwers, direkteur Bedriuw & Gebouwen by sikehûs Nij Smellinghe

Net boarje op slieptiden

"Je kinne trochdraaie," seit Roelof Faber fan boubedriuw Van Wijnen. "Dêr moatte wol maatregels foar troffen wurde, mar it kin. Sa wurde der spesjale stofskotten boud. It is in hiel logistyk spul. Je moatte it ek goed planne, bygelyks net boarje op tiden dat pasjinten oan it sliepen binne."
Faber is der grutsk op dat materiaal ek op 'e nij brûkt wurde kin. "De doarren bygelyks, gips fan gipswanden, it plafond, it sanitêr. By kantoaren wurdt dat ek wol dien, mar foar in sikehûs is dat noch wol bysûnder."
Foar de bou wurdt der wol rekken hâlden mei de coronamaatregels. "De timmerlju hawwe ek wol krityske fragen steld, want sy moasten wol oan it wurk by pasjinten. Der binne ekstra keten foar it itensskoft pleatst, want net alle 50 man dy't der op in dei oan it wurk binne, kinne tagelyk yn in keet. De rjochtlinen fan it RIVM wurde folge en wy hawwe in protokol opsteld. Dy 1,5 meter hanthavenje wy en as jo net fit binne, dan bliuwe je thús. Dat is foar timmerlju ek efkes wennen. Mar wy hawwe eins gjin fertraging oprûn," seit Faber.
Roelof Faber fan boubedriuw Van Wijnen