Kollum: "Fryske frijheid yn Nederlân"

"Ien by it burd beetkrije kostet 10 skellingen. Ien by de skamdielen beetkrije kostet 21 en in tredde skelling. As ien troch dyn skuld in bonke brekt dêr't de bonkesplinters net by loskomme: 10 skellingen. By it wol nei bûten stekken fan bygelyks trije splinters: elts 5 skelling de splinter. Dat binne in pear fan de jildstraffen út it Algemiene Easterlauwersk boeteregister.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Fryslân hat in skitterjende midsiuwske rjochtsliteratuer. Wetten, mei oare wurden. De âldste optekening dêrfan, de Lex Frisionum, de Wet fan de Friezen, komt út de 8e iuw. Wetten wiene in stelsel fan regels dêr't it bestean mei regulearre waard. Oars wie de maatskippij ien grutte godfergetten lossleine binde. Datselde jildt oant de dei fan hjoed ta. De maatskippij kin net sûnder wetten.
De belangrykste dêrfan is de grûnwet. Dêr stiet yn beskreaun wa't de macht hat en hoe't dy macht útfierd wurdt. Yn de grûnwet stean ek grûnrjochten, wichtige rjochten en frijheden fan boargers. Bygelyks it rjocht fan boargers op harren eigen libben, sûnder dat de steat him mei harren opfettings en libbenskar bemuoit. No is it sa dat per 1 july in spesjale coronawet yngean moat. Dy moat de needferoarderings ferfange dy't de oerheid ynsteld hat yn ferbân mei de coronakrisis. Dat wol sizze dat it beheinen fan grûnrjochten in juridyske basis kriget.
Krekt as jim wit ik dat de needferoarderings der kaam binne om de sûnens en de libbens fan de befolking te beskermjen. Dat is sels in wetlike plicht fan de oerheid. Mar as dat betsjut dat plysjes en hanthaveners aanst mei de wet yn de hân samar de húskeamer yndinderjen komme, dan krij ik al lêst fan in op framboazen lykjende útslach. Want dy plysjes en hanthaveners bepale oft der bygelyks sprake is fan in akute driging of gefaar. Hoe sjocht dy driging of dat gefaar derút? En wat is presys in gearkomste yn de priveesfear?
Sa't it no liket wurdt neat yn de nije spoedwet helder formulearre. Dat docht net allinne ôfbrek oan de rjochtswissichheid, mar kin ek ta moedwil liede. Der wurde ommers no al coronaboetes útdield, sûnder dat der earst warskôge wurdt. Soks wurdt dan aanst yn in wet fêstlein. Op dy wize eigenet de oerheid har fiergeande macht ta, ien dy't de demokrasy bûtenspul set.
Demokrasy hat foar my mei frijheid te meitsjen, persoanlike frijheid. En lit dat no, neist teksten dy't slaan op it rjocht yn it Aldfrysk korpus, it twadde grutte tema yn de midsiuwske rjochtsliteratuer wêze. Frijheid. Sa't it yn it Aldere Skeltarjocht stiet: 'Dit is rjocht dat de frije Fries de ban fan de greve noch dy fan de skout nei it ûndergean fan de sinne hoecht te duldzjen.' Set dêr wat my oangiet yn 2020 it opgean fan de sinne noch mar by."