Touringcarbedriuwen yn aksje foar ferromming coronaregels

16 jun 2020 - 07:29

By in grut part fan de touringcarbedriuwen stiet it wetter oan de lippen. Dêrom sille sy aksjefiere yn Den Haag. It duorret oars net in hiel skoft mear foar't der bedriuwen kopke ûnder gean, tinkt Willem Beijaard fan Birwa Tours yn Damwâld.

Foto: Omrop Fryslân

Willem Beijaard fan Birwa Tours yn Damwâld leit út wêrom't hy aksjefiere sil. "By ús yn de brânsj spilet dat wy gjin reizgers ferfiere kinne en finansjeel yn 'e knipe komme. Dêr moat wat oan dien wurde. Dêrom sille wy nei Den Haag om finansjele stipe en in ferromming fan de regels te freegjen, sa't wy wer úteinsette kinne."

Ferskillen touringcars en iepenbier ferfier

Neffens him is de situaasje no ûnrjochtfeardich: "It gekke is: it iepenbier ferfier mei 30 minsken ferfiere en as wy op eigen ferfier ride meie wy mar 12 minsken ferfiere. Dat is in gek ferskil, ik wit eins net wêrom. Wy hawwe as brânsj ek wol eigen protokollen oanbean, mar dy binne ôfkard om't de oerheidsynstânsjes it der net mei iens wiene."

Op folle besetting

Der wurdt dus ek wol op it iepenbier ferfier riden. "Mar dat binne net de grutte ynkomsten, dat is mar in plaster op de wûne," seit Beijaard. "Wy wolle eins op 30 minsken ride en fan july ôf wer op folle besetting, sa't wy wer opbouwe kinne. Wat de sûnensmaatregels oanbelanget kin dat, wy hawwe allegearre filters yn de bus. In goeie luchttafier, skjinne lucht fan boppen dat ûnder wer ôffierd wurdt."

Der is wol stipe nedich, seit Beijaard. "Sûnder ynkomsten kinne je it net lang folhâlde. Wy hawwe al earder help frege, mar it helpt noch net. Dêrom sille wy aksje fiere. Fan Utrecht nei Den Haag sille wy yn in optocht ride, nei it Malieveld. Wy wolle sjen litte dat wy help nedich hawwe."

Willem Beijaard fan Birwa Tours yn Damwâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)