Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard wer iepen: museum op syk nei ferhalen

Sa stadichoan gean de musea yn Fryslân wer iepen. Tiisdei is it Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard ek wer oan bar. Dat is al net sa'n grut museum, mei sa'n tsien besikers is de maksimumkapasiteit gewoanwei wol berikt. Mar troch de coronamaatregels leit dat oantal noch leger. Dochs binne de meiwurkers bliid dat it wer iepen kin.
Skilderij yn it Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard © Omrop Fryslân
"Wy wolle gewoan wer iepen, wy witte dat de minsken dit gebiet yn Fryslân wol opsykje wolle. Us frijwilligers woene ek wer, mits der rekken hâlden wurdt mei de coronamaatregels. Wy binne in pear wiken letter as in soad oare musea, mar wy binne mar lyts en hawwe net in soad kosten," leit foarsitter Sybren van Tuinen fan it Ruurd Wiersmahûs út.
"Der meie no fjouwer besikers yn mei in rûnlieder. De ôfrûne twa wiken hawwe wy in nij reservearringssysteem opset, de earste reservearringen binne der al," seit hy.

Naïve skilder

Van Tuinen fertelt nochris it ferhaal fan Wiersma. "Ruurd Wiersma is in 1904 yn in boerehúshâlding berne yn Rinsumageast. Hy hat eins altyd allinne west. Hy wie in bytsje apart. Hy waard molkfarder, hy helle de molkbussen yn de omkriten fan Burdaard en Rinsumageast en brocht se nei it fabryk." Oant safier noch net folle bysûnders, mar hy skildere ek.
"Wiersma wenne yn 1965 yn it hûs dêr't wy no ek sitte. Syn kachel is in kear ûntploft, alle roet siet oeral op de muorren. Hy tocht: wat moat ik hjir oan dwaan? Hy gie nei de hûsskilder om nei in oplossing te freegjen. De hûsskilder joech him wat behingpapier om der oerhinne te plakken. Doe wiene de muorren wyt, dêrom hat er pinsielen en ferve kocht en doe is er begûn mei skilderjen. Hy waard ynspirearre troch de natuer en troch de Bibel. Op eltse muorre hat er in jiergetide skildere," seit Van Tuinen.
En mei dat skilderjen gie Wiersma troch. "Ek syn klompen, syn bêd en wat al net mear. Hy wurdt ek wol in naïve skilder neamd. En hy is ien fan de twa Fryske skilders mei in eigen museum, njonken Jopie Huisman."

40 jier lyn ferstoarn

"Wy berikke ek hieltyd nije minsken. Dit jier is it 40 jier lyn dat Wiersma fertoarn is. Dat komt wat yn 'e knipe fanwegen corona, om't wy no mar oant septimber iepen binne. Wy wolle wol in oprop dwaan nei minsken dy't noch ferhalen fan him witte. Wy witte dat dy minsken der binne. Lykas minsken dy't noch guod hawwe dat Ruurd skildere hat, of guod wat fan him west hat. Dêr soene wy graach mei yn kontakt komme," seit Van Tuinen.
Foarsitter Sybren van Tuinen fan it Ruurd Wiersmahûs