VVV komt mei nije rûtekaart om Alvestêdetocht ôf te lizzen

16 jun 2020 - 06:25

De VVV-kantoaren yn Fryslân bringe freed in nije alvestêdetochtkaart út. Op de kaart stean rûten útstippele om de tocht fan sa'n 220 kilometer op ferskate wizen ôf te lizzen, bygelyks fytsend, kuierjend, suppend of mei de motor. De earste 1.000 eksimplaren binne yn in online foarferkeap ûnderwylst al ferkocht.

Foarpriuwke fan de nije alvestêdetochtrûtekaart - Foto: VVV

Klaas Arie Beks, foarsitter fan VVV Ljouwert, is der fan oertsjûge dat de nije rûtekaart op in goed momint komt. "No't de measte minsken yn Nederlân fanwegen de coronakrisis dizze simmer fakânsje yn eigen lân fiere, kinne wy op in ludike wize minsken útnûgje om de provinsje te ûntdekken. En dat dogge je fansels it bêste as je troch de provinsje hinne ride, kuierje, suppe, kano of neam mar op."

De VVV's yn Fryslân wolle de toeristen yn de provinsje graach spriede. "Mei dizze kaart wurde de minsken útnûge om net allinnich Ljouwert te besjen, mar ek in besite te bringen oan oare dielen fan Fryslân." De kaart wurdt earst yn it Nederlânsk en it Ingelsk útbrocht. "Mar wy komme ek mei in Fryske en in Dútske fariant."

Kaartepakket

De nije rûtekaart wurdt as pakket ferkocht. "Sa'n pakketsje kostet 4,95 euro. Dêryn sitte ferskate kaarten, ynformaasje oer de alve stêden en in grutte poster foar oan de muorre. Je meie sels witte op hokker wize je de rûte ôflizze. Foar alle alve stêden kinne je stimpels fertsjinje en as je kaart fol is, krije je in oarkonde, ûndertekene troch ús Ljouwerter boargemaster Sybrand Buma."

Klaas Arie Beks, foarsitter fan VVV Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)