Plan foar nije doarpsmûne Tsjom stiet faai

15 jun 2020 - 22:29

De bou fan in nije doarpsmûne by Tsjom is yn gefaar. Fan de provinsje moat der ekstra ûndersyk dien wurde nei de effekten op de natuer. Benammen oft guozzen en flearmûzen der ek lêst fan hawwe. It punt is allinnich dat no al hast fêst stiet dat dat net sa is. En dat frustrearret de inisjatyfnimmers fan de nije doarpsmûne by Tsjom.

Wynenerzjy - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It ekstra ûndersyk smyt fertraging op. As dat te lang duorret dan rint de enerzjykoöperaasje TOER, de inisjatyfnimmers fan de mûne, koarting op de enerzjy belesting mis. "Dat is no krekt wat it goed eksploitabel makket en derfoar soarget dat we ek in winstpotsje ha foar de dielnimmers," seit Aart Dijkstra dy't belutsen is by de stichting. "De âlde mûne hat ek in soad dien foar it doarp. Sa is der jild nei ûnder oare it doarpshûs gien."

Ekstra ûndersyk

Mei-inoar hat de stichting sa'n sân- of achthûndert húshâldens nedich om it projekt rendabel te meitsjen. Der wurdt hurd oan wurke om dat oantal byinoar te krijen. Mar it nijs dat der ekstra ûndersyk komme moat is in tebeksetter. "Wy witte no al seker dat der gjin guozzefoerazjeargebiet is. We witte ek dat de flearmûzen der gjin lêst fan ha. Mar dat ûndersyk kin pas yn oktober plakhawwe. En dan wurdt alles hiel krap," seit Dijkstra.

Enerzjytransysje

De nije mûne soe ek in stap wêze om it doarp mei te nimmen yn de saneamde enerzjytransysje. "Sjoch, it is genôch om it doarp fan elektrisiteit te foarsjen. Folslein fan it gas ôf kin noch net. Mar it is in moai begjin. Mei it jild dat we ophelje mei de mûne kinne je dêr ek wer in rol yn spylje." Yn antwurd op fragen fan D66 lit Deputearre Steaten witte dat in ûndersyk needsaaklik is.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Aart Dijkstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)