Oprop foar mear iepenbiere húskes oan Fryske fytsrûten

15 jun 2020 - 21:27

Der binne fierstente min iepenbiere húskes by drokke fytsrûten yn Fryslân te finen. Dat konstatearje de Fietsersbond, de Wielrenunie en het Fietsplatform. Yn oparbeidzjen mei de Toiletalliantie freegje sy by de oerheid omtinken foar it ferlet oan húskes foar fytsers. Benammen no't de simmerperioade foar de doar stiet, en der fanwegen corona de nedige gebouwen sletten binne, moat der wat barre.

Mobile toiletten foar Johannahoeve - Foto: Omrop Fryslân

Neffens Ivo Tonon fan de maag-, lever-, darmstichting is Nederlân fan himsels al gjin 'toiletfreonlik' lân. "Nederland en België scoren in de Europese Unie heel slecht als het gaat om sanitaire voorzieningen. In Frankrijk bijvoorbeeld wordt een toilet bijna als een mensenrecht gezien, hier in Nederland moet je soms echt zoeken naar de mogelijkheid om een sanitaire stop te kunnen houden, In Frankrijk bouwen ze bij wijze van spreken eerst een toilet en dan het park eromheen. In Nederland bouwen ze eerst een park en op het laatst bedenken ze dat een toilet ook handig was geweest."

Net mear op 'e bonnefoai nei it húske

Tonon seit dat ien op de fiif Nederlanners búk- of blaasproblemen hat. "En de helft van hen, dus één op de tien Nederlanders blijft er zelfs voor thuis, als ze weten dat ze onderweg geen of lastig een toilet kunnen vinden. De coronatijd heeft dat probleem alleen maar vergroot, want veel horecagelegenheden zijn dicht. Bovendien kun je niet op de bonnefooi een bezoek brengen aan restaurant of café, omdat je vooraf moet reserveren. Wij doen daarom de oproep aan alle provincies om te voorzien in toiletten aan fietsroutes. Zet mobiele toiletten die nu in de opslag staan, omdat er geen evenementen zijn, langs de weg zodat fietsers er gebruik van kunnen maken."

Wa't de mobile húskes oan de fytsrûten skjinmeitsje moatte soe, wurdt net dúdlik út de brief oan de provinsjes.

Ivo Tonon fan de maag-, lever- en darmstichting

(advertinsje)
(advertinsje)