Douwe Bob docht dochs optreden op Oerol: hanthaveners gripe yn

15 jun 2020 - 20:48

Earst soe Douwe Bob moandei op Oerol wol optrede, doe net en doe barde it dochs wol. Douwe Bob makket der op gehiel eigen wize op it eilân dochs noch in lytse show fan. Al duorre it optreden net lang. De hanthaving op it eilân lei syn optreden stil.

Douwe Bob by in earder optreden - Foto: ANP

It optreden dat Douwe Bob op Oerol jaan soe op it Griene Strân op Skylge mocht net trochgean. De sjonger, dy't mei syn eigen boat nei Skylge fearn wie, hie op sosjale media syn 'pop-upkonsert' oankundige.

De gemeente sette dêr fanwegen de coronamaatregels lykwols in streek troch. Dochs pakte Douwe Bob syn gitaar. Op foto's op sosjale media falt te sjen dat minsken op paste ôfstân harkje nei syn optreden.

Earder utere Douwe Bob him al op Omrop Fryslân oer it ôfsizzen fan syn optreden troch de gemeente. "Ik weet nog steeds niet of dat de juiste beslissing is. Mijn hele hart zegt eigenlijk: come on we moeten even met zijn allen rebelleren", seit de sjonger. "Het is natuurlijk heel raar dat je wel met 300 man in een vliegtuig mag gaan zitten en dat je met 20.000 man mag demonstreren. Ik ben voor de Black Lives Matter-zaak, dat is een ander verhaal. Maar het is wel een ding dat een demonstratie wel mag, maar je mag blijkbaar niet een paar liedjes spelen."

(advertinsje)
(advertinsje)