Berntsje ferdrinkt yn Koatstertille yn fiver efterhûs

15 jun 2020 - 20:20

In berntsje is moandeitemiddei ferstoarn yn Koatstertille, neidat dy yn in fiver efter in wenning bedarre wie. De helptsjinsten kamen mei faasje nei de wenning oan de Casimirstrjitte yn it doarp. Der waard fuort in reanimaasje opstart. Ek de traumahelikopter kaam te plak om it ambulânsepersoniel te assistearjen.

Foto: Kappers Media

De reanimaasje hat in skoft duorre, mar de helptsjinsten koene foar it berntsje neat mear betsjutte. It bern kaam om it libben.

De technyske resjerzje kaam te plak en hat in ûndersyk ynsteld nei de tadracht. Oer de leeftiid woe de plysje gjin meidielingen dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)