Yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert 'gewoan' mei swarte piten: "Staat niet ter discussie"

15 jun 2020 - 18:01

De yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert sil dit jier 'gewoan' mei swarte piten wêze. Dat seit foarsitter fan de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert, Cees Anceaux. "Wij hebben nog steeds het gevoel dat Zwarte Piet in Leeuwarden niet ter discussie staat", seit Anceaux

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Neffens PvdA-riedslid Habtamu de Hoop fan Súdwest-Fryslân is it lykwols tiid dat ek Fryske stêden en doarpen swarte piten ôfskaffe by de yntocht fan Sinteklaas. Ek by it Black Lives Matter-protest yn it Rengerspark waard dy oprop dien. Hieltyd mear grutte stêden yn Nederlân beslute nei oanlieding fan de maatskiplike diskusje om swarte pyt ôf te skaffen.

Dat sil no dus noch net barre yn Ljouwert, mar foar de takomst lit Anceaux it noch iepen. "We ontkomen er niet aan, zeker niet nu die demonstraties er zijn, om er serieus mee om te gaan. Dat doen we ook echt", seit de foarsitter. "We zullen een keer die stap moeten maken, maar dat zal zeker nog niet dit jaar zijn."

Der is neffens Anceaux ek gjin haast by. "Als wij geen geluiden krijgen van onze stakeholders dat het anders moet. Dan moet de discussie wel gevoerd worden, maar kunnen we het in een rustiger tempo doen. Daarbij wordt heel erg vergeten en dat zeggen mijn pieten allemaal: ze worden herkenbaar en dat is iets wat ze nou juist niet willen", seit Anceaux.

Oar probleem

It bestjoer fan de yntocht hat op dit stuit mear oandacht foar in oare kwestje: "Gaat het allemaal wel door of niet? Daar zijn we nu meer mee bezig. Als het geen grote intocht wordt, wat voor intocht wordt het dan wel?"

Der wurdt dêrby foaral sjoen nei wat der lanlik bart. "Wordt het een echte intocht van Sinterklaas of wordt dat op een andere manier vormgegeven? Dus wij zijn met hen bezig om te kijken wat zij er aan gaan doen. Het zou raar zijn als zij niks doen en wij doen een normale intocht", sa seit Anceaux.

Anceaux hopet syn 300 frijwilligers yn septimber it plan foar dit jier witte te litten.

Foarsitter Ceex Anceaux oer de yntocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)