Huntelaar net nei SC Hearrenfean, mar jier langer by Ajax

15 jun 2020 - 18:00

Spits Klaas-Jan Huntelaar komt net nei SC Hearrenfean. Dat docht bliken út in berjocht dat syn wurkjouwer Ajax moandeitemiddei op Twitter publisearret . De oanfaller hat syn ôfrinnende kontrakt by de Amsterdammers mei in jier ferlinge.

Foto: www.orange-pictures.nl

In soad fans fan de Fryske sportklup seagen de spits, dy't yn it begjin fan syn karriêre in pear jier by Hearrenfean spile hat, hiel graach werom kommen. Sy wiene dêrom sels mei in aksje op social media begûn ûnder de titel: #heljethehunterwerom. Dat is dus sûnder resultaat. De spits wurdt yn augustus 37 jier, mar fielt him fit genôch om noch in jier op heech nivo te fuotbaljen en de read-wite kleuren fan Ajax te ferdigenjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)