Hamstra drok op syk foar Hearrenfean, mar: "Grote vissen laten zich niet zo makkelijk vangen"

It koe wol ris in drokke simmer wurde foar Gerry Hamstra, de technysk manager fan SC Hearrenfean. De seleksje fan de Feansters moat behoarlik fersterke wurde en tagelyk hawwe spilers as Chidera Ejuke en Joey Veerman in tige goed seizoen hân, wêrtroch't foar harren belangstelling komme kin. Yn de nije SportCast lit Hamstra syn ljocht skine, ûnder oare oer de transferperikels yn it Abe Lenstra Stadion.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

Huntelaar

In namme dy't regelmjittich opdûkt yn de SportCast is dy fan Klaas-Jan Huntelaar. Oer twa wiken sit hy sûnder kontrakt by Ajax en SC Hearrenfean soe him mar al te graach nei it Abe Lenstra Stadion helje. Hamstra hat resint noch kontakt hân mei syn saakwaarnimmer. "Natuurlijk heb je geïnformeerd bij de zaakwaarnemer. Je belt af en toe eens. Grote vissen laten zich niet zo makkelijk vangen."
Hoe grut de kâns fan slagjen is, kin Hamstra net sizze. "Er is maar één man die die vragen kan beantwoorden en dat is Klaas-Jan zelf. Als je de kans krijgt om zo'n jongen terug te halen, dan zou dat fantastisch zijn."

Winsken

Der is in hiele list fan spilers dy't Hearrenfean ferlitte. Alle trije de keepers, oanfierder Daniel Hoegh, Ricardo van Rhijn, Jordy Bruijn en hierlingen Sven Botman, Alen Halilovic en Jens Odgaard. Hokker posysjes moat de klup him mei fersterkje? Hamstra: "We willen heel graag twee keepers, een linker centrale verdediger, een aanvallende middenvelder en een spits. We moeten vooral kijken naar transfervrije spelers."
Foar de keepersposysje wurdt Hamstra konfrontearre mei nammen fan Maarten Stekelenburg, Luuk Koopmans en Cambuur-keeper Sonny Stevens. Mar neffens de technysk manager is de komst fan ien fan dy trije doelmannen net oan 'e oarder.
Nettsjinsteande dat bepaalde spilers in goed seizoen spile hawwe, is Ejuke de iennige spiler wêrfoar echt belangstelling west hat. "Daar is een concreet bod op geweest. Maar, hij heeft een driejarig contract. Veerman is niets concreet voor geweest en concreet vind ik het pas als een club zich bij mij meldt."
© Omrop Fryslân

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.