Seis wiken sel foar Ljouwerter dy't agint yn gesicht flibe

In 30-jierrige Ljouwerter dy't ein maaie yn Ljouwert in motoragint yn it gesicht flibe, is feroardiele ta seis wiken sel. De man waard oanhâlden om't er dronken oer strjitte rûn en dat mei net. De rjochter hâlde der by de útspraak ekstra rekken mei dat de man dat die yn dizze tiden fan it coronafirus.
Oanhâlding © Shutterstock.com
Der binne de ôfrûne tiid al ferskate minsken oanhâlden, dy't oaren yn it gesicht hoasten of fliben. Guon fertochten roppe ek noch wolris dat se corona hawwe. De man út Ljouwert hie dat net sein.