Oanriding by spoarweioergong op It Hearrenfean

De spoarweioergong op de Rottumerwei op It Hearrenfean is moandeitemiddei ôfsletten nei in oanriding. Ferskate helptsjinsten binne oproppen en it gebiet is rom ôfsletten. Treinreizgers moatte rekken hâlde mei fertraging. Tusken Wolvegea en it Hearrenfean ride foarearst gjin treinen. Neffens ProRail yn alle gefallen oant 19.30 oere.
Helptsjinsten binne te plak © Camjo Media