GGD: sân nije besmettingen fêststeld, gjin nije stjergefallen

15 jun 2020 - 16:28

De GGD Fryslân meldt dizze moandei sân nije gefallen fan besmetting mei it coronafirus. It folsleine oantal besmetting komt dêrmei op 611 yn Fryslân. Der binne sûnt freed gjin nije stjergefallen meld by de GGD, dat wie de lêste dei dat der sifers nei bûten kamen.

Foto: Shutterstock

Lanlik sjoen binne sûnt snein seis nije stjergefallen by kaam. En der waarden trije minsken mei ferskynsels fan it coronafirus opnaam yn it sikehûs.

It tal minsken op de intensive care rint lanlik sjoen de lêste trije dagen wer op. Der binne sûnt snein acht minsken bykaam, mei inoar lizze der 87 minsken mei it coronafirus op de intensive care. Yn Fryslân giet it neffens de lêste sifers om ien pasjint.

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)