Gegevens 3.000 leden Betheltsjerke Drachten leine op strjitte

15 jun 2020 - 16:07

Alle adresgegevens en telefoannûmers fan de goed 3.000 leden fan de Betheltsjerke yn Drachten ha op strjitte lein. De komplete ledelist heart allinnich tagonklik te wêzen foar minsken dy't ynlogd binne op de webside fan de tsjerke. Nei it melden hat de tsjerke de list offline helle.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

De nammen fan de Ried fan Aldsten, de minsken fan it bernewurk, mar ek adresgegevens en telefoannûmers fan alle leden wiene te finen. De gegevens steane yn in dokumint dy't allinnich foar de leden is, net foar it iepenbier.

Berjocht nei de leden

"We hebben dit document en ook andere documenten met gegevens inmiddels van de website gehaald", seit wurdfierder Roeland Harten fan de tsjerke. "Die komen er ook niet weer op voordat dit is opgelost. We hebben een melding gedaan bij de Autoriteit Persoonsgegevens en we doen een bericht naar alle leden, waar we melden dat we door Omrop Fryslân hiervan op de hoogte zijn gebracht."

De leden fan de tsjerke ha wol tastimming jûn dat har gegevens dield wurde mei de oare leden, mar net foar de bûtenwrâld. "We laten mensen altijd vinken dat we de gegevens alleen gebruiken voor bijvoorbeeld activiteiten of voor de ledengids", seit Harten. "Dan kun je elkaar ook vinden, bijvoorbeeld om een kaartje te sturen als iemand ziek is." Der leit yn it tsjerkegebou ek in boekje mei de ynfo, foar leden dy't digitaal wat minder betûft binne.

Hoe koe dit?

Dat de gegevens no op strjitte leine, wie net de bedoeling. "We hebben aan de websitebeheerder gevraagd hoe dit heeft kunnen gebeuren. En hoe kunnen we dit voorkomen? Op dit moment is het vooral belangrijk dat de gegevens eraf zijn. Als leden vragen hebben, dan kunnen ze contact opnemen."

Roeland Harten fan de Bethel

(Advertinsje)
(Advertinsje)