Sinnepark Oerterp yn gebrûk naam: stroom foar 1.100 húshâldingen

It sinnepark oan de Skiepeleane yn Oerterp is oansletten en yn gebrûk naam. De sinnepanielen leverje stroom foar sa'n 1.100 húshâldingen. It sinnepark is in wichtige stap foar de gemeente Opsterlân yn harren duorsumensambysje. De gemeente wol yn 2035 enerzjyneutraal wêze.
Sinnepark Oerterp © GroenLeven
Ek op de dakken fan trije sportferieningen yn it doarp binne sinnepanielen pleatst. De tennis-, kuorbal- en fuotbalferiening binne hjirtroch de earste enerzjyneutrale sportferieningen yn de gemeente Opsterlân.
De gemeente hat foar dit projekt gearwurke mei it bedriuw GroenLeven en lokale ûndernimmers.