Doarps- en buerthuzen kinne no ek oanspraak meitsje op temjittekomming

15 jun 2020 - 13:08

Ek doarps- en buerthuzen kinne no oanspraak meitsje op in finansjele temjittekomming fan it regear, as se troch de coronakrisis ferlies liede. Oant ein takom wike ha se om har foar dy regeling oan te melden. Doarpshuzen kinne dan 4.000 euro krije. Neffens Theo Andreae fan Doarpswurk is dat goed nijs. "De buffers dy't der wiene ferdwine as snie foar de sinne", seit Andreae.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

It is lykwols noch net hielendal dúdlik oft alle doarps- en buerthuzen oan de betingsten foldogge. "Dêr ha wy net eksakt ynsjoch yn. De doarpshuzen en buerthuzen binne wat dat oanbelanget in wat 'vreemde eend in de bijt'. De iene kear binne se registrearre ûnder kultuer, de oare kear ûnder hoareka of wolwêzen. Mar we ferwachtsje wol dat de measte doarpshuzen no ûnder dizze regeling falle", seit Andreae.

Yntinsive lobby

Foardat dizze regeling ta stân kaam, hat in yntinsive lobby west. "Der hat in lobby fanút ús lanlike organisaasje nei Den Haag ta west. Yn Fryslân ha we it ek ûnder de oandacht brocht fan de provinsjale polityk. We binne der tige wiis mei dat sy de lobby stipe ha, dus dat ek it provinsjaal bestjoer oanjoech dit wichtich te finen. Ek alle gemeenten yn Fryslân ha de lobby stipe. Fan meardere kanten is der dus drok útoefene op de polityk yn Den Haag", sa seit Andreae.

Theo Andreae fan Doarpswurk

(Advertinsje)
(Advertinsje)