Bierbrouwer Grutte Pier hat it dreech en sil ferhûzje nei Bartlehiem

15 jun 2020 - 12:44

Bierbrouwerij Grutte Pier út Ljouwert hat oant no ta in dreech jier fanwege de coronakrisis. De omset is mei de helte nei ûnderen gong no't kroegen en kafees lange tiid ticht wiene. Mei hjirtroch hat de brouwerij it beslút naam om te ferhûzjen nei in loads yn Bartlehiem. Dat is net allinnich goedkeaper, mar jout ek mear mooglikheden om rekken te hâlden mei de oardelmeter ôfstân. Boppedat is it in moai plak foar de nije plannen.

Foto: Grutte Pier

Bierbrouwer Frans Filius leit út wêrom't de ferhûsdoazen pakt wurde. "De coronacrisis heeft ons geïnspireerd om breder te denken. Al onze ideeën en wensen kwamen samen hier in Bartlehiem, waar we niet alleen meer ruimte hebben, maar ook onze nieuwe plannen kunnen uitvoeren."

Dy nije plannen binne hurd nedich, want de brouwerij seach de omset de ôfrûne moannen hurd nei ûnderen gean. "We zijn gehalveerd in omzet. Gelukkig hebben we met ludieke acties de omzet weer iets omhoog weten te krijgen. Nu de kroegen weer open zijn, klimmen we stukje bij stukje uit het dal. Maar ik denk niet dat we snel weer op het oude niveau zitten."

Underskiede

Dochs sjocht Frans ek it positive yn fan de krisis. "Het maakt je flexibeler en creatiever. Je kunt je nu onderscheiden als ondernemer van de bierbrouwers die het als hobby doen. Wij willen er over 50 jaar nog steeds zijn. Ik ben vooral bezig met nieuwe dingen bedenken. Je moet met minder rondkomen, maar tot nu toe lukt dat aardig."

Bierbrouwerij Grutte Pier hat as foardiel dat se net ôfhinklik binne fan in bank, dy't de jildkraan tichtdraaie kin. It measte hawwe de inisjatyfnimmers sels betelle. "Alleen voor onze Brouwboerderij in Bartlehiem hebben we fans gevraagd om ons met crowdfunding te helpen om snel iets moois neer te kunnen zetten", jout Frans ta. "We willen zelf onze vaten vullen en een proeflokaal creëren om meer mensen bij ons merk te betrekken."

Gjin soargen

Soargen oer de takomst hat de bierbrouwer dan ek noch net. "Zorgen maken, daar doe ik niet aan. We houden het met onze creativiteit nog wel een paar jaar vol, maar dan moeten we wel ons bedrijf anders inrichten. Precies wat we nu dus doen."

Frans Filius fan Grutte Pier

(Advertinsje)
(Advertinsje)