Ferkearingsperikelen yn coronatiid: "Ik soe sels nei in biezemkast fleane as ik har wer sjen koe"

Dat it noch in hiele útdaging is om in relaasje yn it bûtenlân te hawwen yn tiden fan corona docht wol bliken út it ferhaal fan Jeroen Boersma fan Harich. Hy sil trouwe mei Jasmine út Amearika. Mei har soe er op fakânsje nei Yslân. Dat plan gong de iiskast yn fanwege de coronakrisis. Jeroen hat syn freondinne al moannen net sjoen. "It wurdt no wol echt hiel swier."
Ferkearingsperikelen yn coronatiid: "Ik soe sels nei in biezemkast fleane as ik har wer sjen koe"
Gewoanwei sjocht Jeroen syn Jasmine ien kear yn de twa moannen. Mar fanwege de coronakrisis is al it fleanferkear stil lein. En dus sjogge beide elkoar al moannen allinnich online. "Wy skype en ha folop kontakt, mar wolst elkoar fansels it leafste echt sjen. De coronamaatregels meitsje it ús wol hiel dreech. Earst soene wy tegearre nei Yslân, mar dat mocht net. Doe foel ús kar op Portugal, mar ek dat plan gong net troch. Wy hâlde alles yn de gaten, mar it feroaret mei de dei."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Biezemkast

Oerheden riede minsken oan om sa min mooglik te reizgjen. In advys dêr't Jeroen him hielendal yn fine kin. "Ast neat te sykjen hast yn it bûtenlân, moast net reizgje. Mar it giet ús net om it lân dêr't wy hinne sille. Ik soe sels nei in biezemkast reizgje as ik Jasmine wer sjen kin."

Ferhûsplannen

Ek Jeroen syn ferhûsplannen komme yn gefaar fanwege it coronafirus. "Wy sille trouwe en ik sil nei Amearika, mar ek dat plan leit stil. Wy wiene hiel fier mei de ymmigraasjetsjinst yn Amearika, mar de ambassade is ticht en de proseduere leit stil. Ik hoopje op de winter, mar ik ha echt gjin idee."

1 july

It fereale stel sjocht halseagjend út nei 1 july, de datum dat in soad lannen harren easken fersoepelje. "Mar it soe my net ferbaze as de regels aanst wer oanpast wurde", skodhollet Jeroen.
Jeroen Boersma © Omrop Fryslân
Jeroen Boersma moat syn freondinne al moannen misse