Plysje betrapet 15-jierrige autobestjoerder yn Ljouwert

15 jun 2020 - 11:13

De plysje fan Ljouwert trof yn de nacht fan snein op moandei wol in hiel jonge bestjoerder oan efter it stjoer. By in kontrôle om healwei trijen yn de nacht die bliken dat de jonge efter it stjoer noch mar 15 jier âld wie. Ek syn twa byriders wiene noch gjin 18 jier.

Foto: ANP Foto

De eigener fan de auto wie net op de hichte dat syn auto brûkt waard. De trije jonges binne wer nei hûs ta brocht. De plysje docht noch ûndersyk nei dit gefal fan joyriden.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert joyriding
(advertinsje)
(advertinsje)