Plysje dielt ferskate boetes út foar ferkearsoertredings

15 jun 2020 - 10:56

De plysje hat ôfrûne wykein ferskate boetes útdield foar ferkearsoertrêdings. Sa waard in 35-jierrige man út Wytmarsum oanhâlden om't er sûnder jildich rydbewiis ried. In 31-jierrige man út Grins waard op de bon slingere nei't er mei tefolle drank op efter it stjoer siet. Hy mocht boppedat syn rydbewiis ynleverje.

100 kilometer maksimumsnelheid - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ek in 38-jierrige man út Berltsum rekke syn rydbewiis kwyt nei't er 152 kilometer yn de oere ried dêr't 100 kilometer tastien is.

Trefwurden: 
plysje boetes ferkearsplysje
(advertinsje)
(advertinsje)