ROC Friese Poort wiis dat praktyklessen wer begjinne: "De skoalle komt wer ta libben"

Rinrûtes, strange ôfspraken en minder studinten yn de klasse: by ROC Friese Poort lokaasje De Harste yn Snits binne se der klear foar. Fan moandei ôf mei dizze Friese Poort-lokaasje wer praktyklessen jaan oan de studinten. Jolanda Brouwer is fan de fasilitêre tsjinst en hat útsjoen nei dizze dei. "De skoalle komt wer wat ta libben."
ROC Friese Poort wiis dat praktyklessen wer begjinne: "De skoalle komt wer ta libben"
Sa'n 150 oant 350 studinten komme der op in dei nei De Harste yn Snits. Dat is noch net iens 20 prosint fan it gewoane tal studinten dat nei skoalle giet. Jolanda hâldt presys yn de gaten hoefolle studinten der yn it skoalgebou binne. "Studinten komme mar foar in pear oerkes", fertelt se. "Fan hjoed ôf meie wy ek wer praktyklessen jaan. Tink oan lessen yn de soarch, technyk en elektroanika. It binne mar hiele lytse groepkes fan seis oant acht studinten."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Lege lokalen
Yn oanrin nei it nije skoaljier is Jolanda al drok dwaande om mei har kollega's alles yn oarder te bringen foar septimber. "Wy binne dwaande om de hiele skoalle klear te meitsjen foar de oardelmetermaatskippij. Alle klasselokalen ha wy leech helle. Wêr't gewoanwei 30 taffeltsjes stean, steane der no tsien. Al it guod wurdt ophelle troch in ferhúsbedriuw."

Drokte mei it roaster

Klassen wurde opdield en dosinten moatte somtiden wol trije kear deselde les jaan. Dat betsjut in soad drokte foar de minsken dy't it roaster meitsje. Jolanda: "De opliedingen binne drok dwaande om te sjen wat hokker lessen se op skoalle dogge en wat se online dwaan kinne. Wy jouwe foarrang oan de earstejiers studinten, de kwetsbere studinten en de praktyklessen. Noch foar de fakânsje wolle wy dúdlikheid jaan oan de studinten foar takom jier."
Jolanda Brouwer fan de fasilitêre tsjinst
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Praktykdosint Rintsje Schilstra fan de oplieding Wurktúchboukunde is wiis mei de start fan de praktyklessen. Dochs is it oanpassen, sa yn coronatiid. "Yn it lokaal sitte hjoed sân jonges, mar de klasse bestiet eins út 24 studinten. It betsjut foar ús folle mear drokte. De iene helte fan de groep sit yn de klasse, de oare helte sit al yn it praktyklokaal. Se gean op toerbeurt nei de lokalen, dat wikselet de hiele dei. Gelokkich is der wer wat reuring. We binne bliid dat we wer los kinne."
Studinten Frank en Jelle hawwe al hiel lang net op skoalle west. Jelle: "Wy ha online les folge op de kompjûter, mar dat fûn ik mar neat. Ik bin leaver op skoalle." Frank tinkt dêr lykwols krekt wat oars oer. "Het beviel me wel dat thuis werken, je kon makkelijker andere dingen doen naast school. Ik moest nou om half zeven mijn bed uit."
Praktykdosint Rintsje Schilstra
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman