Oanriding by De Centrale yn Ljouwert rint út op knokpartij

Twa automobilisten binne sneintemiddei mei inoar op de fûst gong nei in oanriding. It foarfal barde by winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert.
© Anton Kappers
De beide manlju rieden nei de botsing nei in parkearplak ta om dêr de skea ôf te hanneljen. Dat rûn lykwols wat oars. Ien fan de manlju sloech it rút yn fan de oare bestjoerder. Dêrnei gongen beide bestjoerders mei inoar op de fûst. De plysje moast beide fjochtersbazen út inoar helje en hat assistearre by it ôfhanneljen fan de skea.
Meiwurkers fan de ambulânse ha ien fan de manlju kontrolearre om't er by de fjochtpartij ferwûne rekke wie.