Kollum: "Haflibra"

"In leech yochert-ammerke, in jiskepûde of in âlde teedoek. It binne samar in pear oplossingen dy't muzikanten meinimme nei de repetysje no't de blaasmuzyk lang om let wer los mei. Op ien betingst: de flibe dy't by it blazen frijkomt, moat ferplichte opfongen wurde. Gjin spatsje mei op de grûn komme. Mar dat is makliker sein as dien.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Wa't op in bugel, trompet, tromboane of bas blaast, wit dat hjir de nedige flibe by frijkomt. Hoe grutter it ynstrumint, hoe grouwer de plasse nei ôfrin fan de repetysje. By sommige leden fan ús fanfarekorps leit oan de ein fan de jûn in plasdras-gebiet dêr't in hiel soad strânljippen harren aaike wol útbriede wolle. Mar fan no ôf komt dêr dus feroaring yn. Gjin flibe mear op de grûn yn it ramt fan it coronaprotokol.
Doe't ik in kollega fertelde dat wy as blaasmuzikanten sels in flibebakje meinimme moatte, seach er my ferheard oan. 'Hoe sa, jim blaze dochs. Jim flybje dochs net?' frege er. 'Jawis wol' sei ik. 'By it blazen komt automatysk ek flibe frij. Dat komt yn dyn toeter en moat der sa no en dan út.' Hy luts syn iene wynbrau omheech. 'Wat dienen jim foarhinne dan mei dy flibe?' frege er hiel skerp. 'Gewoan, op de grûn drippe litte' sei ik. 'Jakkes, wat goar' wie syn konklúzje.
En dat is it eins ek, no't ik der wat better oer neitink. Dêr hie 'k noch net earder by stilstien, mar it is eins best smoarch ja. Flybje op de grûn. Wy sitte yn in hiel kreaze seal mei in moaie houten flier. Mar ik lit sûnder my der drok om te meitsjen myn flibe út myn toeterke rinne as wy repetearje. Oan de ein fan de jûn leit der ek by my soms in hiele plasse ûnder de stoel. Drûget wol wer op, tink ik altyd as ik myn toeterke wer yn de koffer stopje.
Bêst hypokryt eins. Ik moat der nammentlik net oan tinke dat der ien by my thús komme soe en op ús nije strakke flier delspuie soe. Ik soe út myn fel springe. Dat dochst dochs net, soe ik roppe. Minsken dy't bûten op 'e stoepe sa'n smoarge griene rachel delflybje fyn ik al asosjaal, lit stean by my thús op 'e flier.
Mar sels doch ik it dus wol. Al mear as tweintich jier. Mar fan no ôf net mear. Sa smyt it coronafirus dochs ek noch wat posityfs op. Wy wurde as blaasmuzikanten in stik fatsoenliker.
No woansdei ha wy ús earste repetysje fan it dweilorkest. What's in the name. Yn stee fan yn in dweilorkest spylje wy no dus yn in kwijlorkest. Dat jildt trouwens ek foar alle oare fanfarekorpsen, harmonyorkesten en brassbands. Tenei is it net langer hafabra, mar haflibra."