Petysje yn Amearika om byld Pieter Stuyvesant del te heljen

14 jun 2020 - 17:30

It byld fan ien fan de oprjochters fan New York, Pieter Stuyvesant fan Pepergea, moat fuort út Kingston. Dat seit alteast it Kingston Monument Project, dat in petysje online set hat om dat foar inoar te krijen. Kingston leit yn de steat New York, en leit sa'n 100 kilometer fan de stêd New York.

Foto: Omrop fryslan

Neffens de petysje besocht Stuyvesant yn syn tiid as gûverneur fan New York om Joadske flechtlingen út de stêd te goaien. It soe dan ek net goed wêze om it byld fan in antysemityske man, dy't de tiid fan kolonisaasje en slavernij ferhearliket, stean te litten.

De oprop is dien yn in tiid dat hieltyd mear bylden delhelle wurde yn Amearika en Europa. Histoarikus Karst Berkenbosch sei earder al dat neffens him Stuyvesant in part fan de skiednis is en dat bylden fuorthelje gjin oplossing is. Krekt trochdat dizze bylden der binne, kinne jo it komplete ferhaal fertelle. En geweld heart no ien kear by de skiednis, sa seit er.

Neist it byld fan Pieter Stuyvesant moatte neffens de petysje ek de bylden fan Henry Hudson en George Clinton ferdwine út Kingston.

(Advertinsje)
(Advertinsje)